De striid tsjin wyn en fean

door

in

Grou, 20 maart 2021

Yn it berjocht Einekoerprojekt 2021 is ferslach dien fan it setten fan de strampels mei einekuorren yn it Wilhelminapark te Grou.

In pear dagen nei’t de kuorren pleatst wienen, lei der al in stik bôle yn de hals fan ien fan de kuorren; faaks mei goede bedoeling yn de koer smiten, mar sûnder kennis fan saken. Dit koe om’t de koer net fier genôch yn de fiver pleatst wurde koe fanwegen te folle djipte: de strampelstokken wienen gewoan net lang genôch.

De mannen fan de fûgelwacht ha doe besletten om nije en langere stokken te brûken en de kuorren yn it midden fan de fiver te setten. Maar dit wie makliker tocht as dien: de fiver is yn ‘t midden mear as 2 meter djip mei in dikke laach fean as boaiem. Dat mei in waadpak de strampel te setten wie ûnmooglik. Oplossing: in boatsje.

It waaide dy moarns dat it rikke, en om’t it boatsje (in sportyak) op it wetter lei, wie it sa in proai foar de wyn dy’t wyld om de foliêre hinne tyske.
It wie tige dreech de stokken – of leaver sein: beammen – goed te plak te setten. Dêr kaam by dat de boaiem in dik feanpakket is. As ien stok einlings goed stie en besocht waard de oare stok yn it wetter te setten, kaam de earste stok al wer omheech driuwen; se hienen gjin grip yn it dikke feanpakket. Nei in oere wrakseljen waard besletten de kuorren dan mar in oar plak te jaan: ien op in strampel yn de feart tusken park en begraafplak, de oare yn in beam yn it hertekamp.

It koarte filmke fan Cees van der Meulen jout in byld fan de striid tsjin wyn en fean op dy sneontemoarn. Cees skriuwt derby: It is goed mei In koarte ympresje it lijen yn it boatsje en op ‘e wâl wrâldkundich te meitsjen! It folk mei wolris witte wat ússoarte lju foar ús leafhawwerij oer hat!