Dochs noch in kursus

Dokkum/Grou 16 maart 2024

Nei’t we tochten dat Durk de lêste flechtkursus fan dit winterskoft jûn hie, kaam Hendrik Kooistra noch mei in berjocht oer in kursus. Hjirûnder syn ferslach.

Goeie flechtfreonen.

Op saterdei 16 maart de 4e kursus einekoerflechtsjen fan dit winterseisoen jûn. Oan in seistal freonen út Dokkum

Tsjintwurdich hyt dat mei in djoer wurd workshop. Mar wy bliuwe by it âlde wurd kursus. 7 manlju en 2 froulju hienen harren foar dizze dei opjûn. Douwe Altink en skoansus Enny Altink hienen 3 wike lyn ek by us op kursus west. En dit wie grif goed befallen, want no wienen se wer fan de partij . Miskien in pear nije leden foar De Strampel, wa wit.

Wy kinne werom sjen op in prachtige dei dy’t wer omfleach.

Groetnis ´út Dokkum
De gebr. Kooistra