Drokke dei op de Kruidhof yn Bûtenpost

door

in

Dokkum/Grou, 30 oktober 2022

De bruorren Kooistra út Dokkum ha harren bot fermakke by de ôfsluting fan it seizoen fan De Kruidhof yn Bûtenpost op 15 oktober. Hendrik Kooistra stjoerde in lyts berjochtsje en in pear foto’s fan de demonstraasje dy’t se dêr jûn ha.

‘De waarberjochten wienen tige min’, seit Hendrik Kooistra. ‘Mar úteinlik foel it ta en bleau it by ien bui.’ Sa’n 1500 besikers kamen dizze dei nei de Kruidhof, dat de Kooistra’s hienen in soad oanrin. En dat koenen Hendrik en Bouwe oan ‘e ein fan de dei wol merke. ‘De mûle is jo jûns wurger fan it praten as jo hannen fan it flechtsjen. Mar ek dizze dei fleach wer om.’

De mannen sjogge tefreden werom op dy dei. ‘Moaie hannel dien en foar 2023 binne we wer útnoege.’  

Hendrik en Bouwe Kooistra út Dokkum.