Earste Strampel-aaien binne der!!! Bertus, lokwinske! Wurdum, woansdei 19 febrewaris 2014. Bertus Kuperus fûn yn in âlde koer, dy’t lizzen bleaun wie yn in skiphûs, twa eine-aaien! Om in bytsje yn de Olympyske sfear te bliuwen: Bertus hat it earste Strampel-goud fan 2014!