Ein op sechstsjin aaien

door

in

Grou, 28 april 2022

Op it folkstunekompleks yn Grou sit in ein op 16 aaien ûnder de parrebeam tusken de knyflok te brieden. Wierskynlik binne it aaien fan twa einen. Want nei’t it nêst mei 9 aaien ûntdutsen wie, leinen der 5 dagen letter 7 aaien by. It soe ek sa mar kinne dat der noch in aai by lein is.

De ein sit no in wike te brieden en moat dus noch sa’n trije wike.

It is ôfwachtsjen wat der fan op ‘e hispel komt. Fan it wurk op de tún lûkt it eintsje har net folle oan, se bliuwt gewoan sitten.

Bonne Bruinsma, Grou.

Op ien fan de foto’s is te sjen dat ien aai boppe-op de oare aaien leit. (Troch op de foto te klikken wurdt dy fergrutte.)