Einekoaien

door

in

Ea wienen der lâns de Waadkust 142 einekoaien. Dêr binne no noch 30 fan oer. Einekoaien hearre by it Waadgebiet. It binne identiteitsbepalende lânskipseleminten mei grutte histoaryske en lânskiplike wearden. Boppedat binne it weardefolle biotopen fan in soad bisten en planten. Om de lêste einekoaien yn it Waadgebiet te behâlden, ha seis griene organisaasjes (Landschapsbeheer Friesland, Landschapsbeheer Groningen, It Fryske Gea, Het Groninger Landschap, Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten) en de Kooikersvereniging in ferbûn sluten: de Kongsi van de eendenkooi.
Yn Fryslân lizze noch 18 einekoaien: 6 dêrfan lizze op it eilân Skylge, 2 op Flylân, 2 op it Amelân, 1 op Skiermuontseach en 7 op de fêstewâl. De oare einekoaien lizze op Texel (4), yn Noard-Hollân (1) en yn Grinslân (3)

einekoai Opperwird
Einekoai Opperwird by Hallum

Einekoaien waarden oanlein om einen te fangen. De measte koaien waarden yn de 17e en 18e iuw oanlein. Foar de oanlis wie in keninklik goedkarringsbeslût nedich. De âldste bekende boarnefermelding fan in einekoai komt út de 13e iuw. Mar ek dêrfoar waarden al einen fongen mei fangearmen oan in dobbe.
De âldste noch besteande koai fan Fryslân is Opperwird by Hallum. De eigner is Homme Tjeerdsma en de koaiker is Pieter klaas Inia.

Einekoaien leinen meastentiids fier fan de bewenne wrâld ôf. Koaikers wienen faak einzelgänger, dêr’t bysûndere ferhalen oer ferteld waarden. Sa skreau skiedskriuwer en keunstskilder Pieter van Cuyck (1720-1787) oer syn moeting mei de koaiker fan de Kooi van Spang.; “een volmaakt afbeeldsel van een kluizenaar”, dy’t iensum syn tiid trochbrocht mei lêzen en letteroefenings. “Hij scheen weinige of geen vooroordelen te hebben, en als men zijn woning betrachtte, mocht men waarlijk wel zeggen, waar is de Wijsbegeerte toch gaan huisvesten!”

oersjoch einekoai
Oersjoch fan in einekoai

Mei ien wurkjende fangpiip behâldt in einekoai twa spesjale rjochten: it kooirecht bepaalt dat der yn in koai einen fongen wurde meie. It afpalingsrecht soarget derfoar dat de rêst om de koai hinne net fersteurd wurde mei, sadat de einen net ferjage wurde. Troch it afpalingsrecht waard de natuer by in soad koaien iuwen mei rêst litten. Dêrtroch binne einekoaien no faak griene oases dêr’t ferskate bisten yn húsmanje: sjong- en rôffûgels, mûzen, flearmûzen, harmelings en wezelings, mar ek flinters en libellen.

Nijsgjirrich is ek dat in soad koaikers eartiids snieklokjes en titelroazen kweekten om de bollen te ferkeapjen.