Einekoer yn Glossy

door

in

Grou, 5 desimber 2018.

Moaie einekuorren en moaie froulju binne beide it besjen wol wurdich. De lêsten komt men gauris tsjin yn in glossy. By einekuorren leit dy kombinaasje net sa yn ‘e reden.

Jan Oostenbrug seach lykwols yn de glossy Bazaar beide op de foto stean en meldt: “Oege Hoekstra fan Tergrêft hat in fotomodel yn de tún fan it glossy moadeblêd Bazaar. Op himsels gjin grut nijs mar wol dat de âlde appelbeam en de einekoer yn de grêft neist hûs moai op it plaatsje steane.
Ek binne foto’s makke yn it Ruurd Wiersma museum yn Burdaard.
Sa sjocht men mar wêr hoe moai dingen byinoar komme kinne.”

Jan stjoert ek efkes in foto mei fan de prachtige kop-hals-romppleats fan Oege mei de moaie rige fruitbeammen en de feart fol strampels.

kop-hals-romppleats Oege Hoekstra
De kop-hals-romppleats fan Oege Hoekstra yn Tergrêft