Einekuorren en skriezelân

door

in

Grou, 4 april 2024

Wat ha einekuorren en skriezen mei-inoar te krijen, sille jo jo ôffreegje. No, dat sit sa. De stichting ‘Agrarisch Natuurfondsen Fryslân’ (ANF) hâldt ienris yn ‘t jier in iepen dei. Minsken kinne dan besjen hoe’t it lân fan boer Murk Nijdam by Wommels in protte greidefûgels lûkt troch de wize fan natuerfreonlik buorkjen.

It ANF wol bydrage oan it behâlden en ferbetterjen fan it Frysk agrarysk kultuerlândskip. Ferbetterjen fan de griedefûgelstân is yn fan de doelen. Dêr wurdt fol op ynsetten by it lân fan Murk Nijdam. Om’t dit lån ek in soad skriezen lûkt, wurdt it ek wol skriezelân neamd.

Om de iepen dei wat oan te klaaien mei aktiviteiten woenen se ek graach in einekoerflechter ha. Sneon 30 maart ha ik dêr sitten te flechtsjen fan 10 – 17 oere, in lange sit.

In protte besikers (neffens in rûzing fan de organisaasje wol sa’n 700-800 minsken) en in soad belangstelling ek foar it flechtsjen fan einekuorren. De minsken kamen oeral wei, fan Amsterdam oant Breda. Dat betsjutte dat ek in soad minsken net op ‘e hichte wienen fan it âlde ambacht. De measte nijsgjirrichheid gie lykwols út nei it flaaks dat foar de lofters bûkt waard. Sa ûnstienen der aardige kontakten en wist in besiker te fertellen dat yn Brabân noch linnen makke wurdt fan flaaks.

De fraach dy’t it meast steld waard: Hoe lang binne jo dwaande mei in koer?