Einen binne net kritysk

door

in

Aldeboarn, 17 augustus 2015.

Cor Snoeij, lid fan de Strampel, skriuwt it folgjende:

Cor: ‘In pear jier lyn haw ik foar it earst  by Jan Falkena op in kursus einekoerflechtsjen west. Earste kuorren binne  net echt moai.  Dochs  mar útsette sa’ n koer fansels. Spitigernôch gjin bewenner dat ik tocht: ‘Lit ek mar hingje’. En wat bart der in jier letter? Jawis, wol in bewenner wylst it bêste fan de koer der wol ôf wie. Sjoch mar nei de foto. De ein is mei syn pykjes de wrâld yngien. Konklúzje: Einen  binne net kritysk.’