Einen hawwe it dreech

door

in

Grou, 26 maaie 2018.

Yn de omkriten fan Idaard is fêststeld dat yn 7 kuorren deade einen sieten of de aaien wiene derút rôve .

Ien fan de mooglike dieders kenne we ek by namme. Hy hjit Borus. Borus hie in kokerke om de hals mei dêryn in briefke mei ‘persoanlike’ ynformaasje. Mooglik is er as húskat fan in fakânsjehâldende famylje út in oar part fan it lân 7 jier lyn ûntsnapt. Dit jier waard er as ferwyldere kat ôfsketten troch in jager.

De ‘Nederlandse Jagers Vereniging’ (NJV) skat dat der yn Nederlân 3 à 4 miljoen katten binne, wêrfan’t – ek wer in skatting – 165.000 ferwyldere. Mei de te grutte oantallen foksen en stienmurden deadzje dizze rôvers miljoenen bisten. It lykwicht is fersteurd.

De jagers binne organisearre yn WBE’s, Wild Beheers Eenheden, dy’t der foar soargje dat der behear plakfynt. Oer dat behear is altyd diskusje. Tink mar oan de situaasje by de Oostvaardersplassen. In út de hân rûne situaasje.

De minsken wolle einen mei piken sjen, mar èk dat de predatoaren ferpopke wurde. It nijste probleem is no de wolf. Net direkt in gefaar foar de einen mar wol foar de skiep !

De fjildynformaasje oer de tastân by Idaard en oer Borus waard ús trochdien troch strampellid èn jager Bouwe de Groot fan Grou.