Einen wurde wer wat warber

door

in

Grou, 19 septimber 2021

Nei lis- en briedperioade en it grut wurde fan de piken fernimme wy net safolle fan de einen. Se jouwe harren del en ûnderwilens krije se nije fearren. Om’t de einen dan in skoftke muoite ha mei fleanen binne se kwetsber. Se lûke harren werom en sykje beskerming tsjin rôfdieren.

Se sykje mekoar dan op. Yn de ôfrûne moannen koe men de einen soms ek wer yn groepen stil yn it lân sitten sjen, de snaffel yn de fearren en de eagen ticht. Mar der ûntgiet harren neat. Want as men stean bliuwt by de einen yn ‘e buert, dan komt de kop omheech en binne se wach..

Ek yn de doarpen sykje de einen elkoar ek op, wêrby’t in fisksteiger soms favoryt is..

De lêste wiken wurde einen wer aktiver en sjitte soms as in F35-strieljager troch de loft, soms ien mar ek groepkes fan in stik of fiif. Aldergelokst ha se gâns minder leven as de strieljagers. Watte? Men heart se net iens.

No’t it ferfeearjen hast wer dien is begjinne se ek wer pearkes te foarmjen en litte harren ek wer hearre. Op de foto’s hjirûnder is te sjen dat it ûnderskied yn uterlik ek wer wat sichtberder wurdt.

Der sit lykwols noch net in soad aksje yn, dat litte se graach oan de reidsnijers en de einekoerflechters oer…