Einepykjes sinjalearre op ‘e Jouwer

door

in

De Jouwer, 3 april 2015

Sipke Knol belle troch dat der op tongersdei 2 april acht einepykjes út ien fan syn kuorren kamen. Dat is moai betiid dit jier! It giet hjir om in wylde ein, dy’t bret hat yn ien fan de troch Sipke flochten kuorren. Sipke is in leafhawwer fan kuorren dy’t alhiel flochten binne fan reid.

Freed 3 april skarrele it eintsje mei syn pykjes deun neist it hûs fan Sipke om. It is te hoopjen dat de temperatuer wat oprint en dat mei de waarmte de michjes komme, dêr’t de pykjes fet fan op de bonken krije moatte.

Wa’t noch mear Peaskepykjes swimmen sjocht wurdt frege even in berjochtsje troch te jaan. (ceesvandermeulen@hetnet.nl)