Eintsje kin net langer wachtsje

door

in

Grou, 4 maart 2024

Eartiids stienen der in soad einekuorren yn De Pikmar. No set de fûgelwacht fan Grou alle jierren trije einekuorren yn de Pikmar út.

Moandeitemiddei 4 maart wie it wer safier. Eins ryklik let, want oeral binne de eintsjes al oan de lêch. Dat tocht ek it spantsje einen dat suver al siet te wachtsjen. Wylst de earste strampel yn it wetter setten waard swommen de jerke en it eintsje al nijsgjirrich rûntsjes op de mar. Hieltiten tichter by de kuorren.

By de tredde strampel koe it eintsje net langer wachtsje. En wylst de tredde koer op de strampel lein waard, fleach op in pear meter ôfstân it eintsje op de koer, siet efkes te sjen, fladdere wat mei de flerken en sette doe wer ôf.

Dat einen soms rap op in krekt pleatste koer ôfkomme is bekend. Mar sa fluch as dit eintsje op de koer siet, sjocht men net faak. It bewiis is te sjen op it filmke hjirûnder.