Ek yn Grou flaaks lutsen

door

in

Grou, 13 augustus 2020

Ek yn Grou is it flaaks ree om lutsen te wurden. Tongersdeitemoarn ha Cees van der Meulen (de flaaksboer fan Grou), Jan Falkena en Bonne Bruinsma it flaaks lutsen op it stikje grûn op de folkstûn. Cees hie dêr fan ‘t maitiid flaaks siedde en no wie it nei goed 100 dagen tiid om it derôf te heljen.

Ûnder lieding fan Jan en fan kommintaar foarsjoen troch Cees waard tsjin njoggenen útein setten. It wie al waarm mar aldergelokst stie it flaaks noch yn ‘t skaad, al kaam de sinne al rillegau oer de beamwâl kypjen.

Nei’t it fjildsje earst troch Jan op de foto fêstlein wie, waard der úteinliks in moai nustje flaaks lutsen, dêr’t Cees wol in skoftke foarút kin. Oan belangstelling wie gjin gebrek.

Efkes op de foto’s klikke foar in better resultaat