Eksportoarder

door

in

Holwert/Grou, 3 juny 2022

Woansdei,1 juny wie ’k op paad en gie ‘k efkes oan by Cees & Nynke yn Grou. Ta myn ferwûndering hied er al farsk reid lizzen te drûgjen. Wat in entûsjastme, tocht ik, it is noch mar 1 juny, it reid is noch koart, noch yn de groei en dêrtroch tige wiet! 

By it efkes bypraten oan de hege tafel fertelden se oer harren tige slagge reis nei Helgolân. Se wienen mei west, trije dagen nei de Friezendei op Helgolân. ”En wist wat no sa aardich wie Gjalt”, sa fertelde Cees, ”ik rekke dêr op de boat oan de praat mei in Dútser, Eastfries út Emden. Dy man fertelde hy wie jager. Ik fertelde him oer de einen hjir en einekuorren. De man hie der noch nea fan heard, einekuorren. 

Thúskommend stjoerde ik de man noch ús folder fan de Strampel. En no wolst it net leauwe, mar hy belle, Herr Weissenhauser, en hy bestelde my 10 einekuorren. As se klear wiene moast ik belje, helle er se op.”

En ik tocht, hoe is it dochs mooglik: Cees mei einekuorren yn de Eksport!

Gjalt de Groot

It reid foar de earste koer stiet al te drûgjen yn de daksgoate by Cees van der Meulen.