Elk minske is unyk, elk einepykje ek!

door

in

Grou, 17 april 2024

As wy dy lytse dûnsige wûnderkes sjogge, dan gunne we se allegearre in lokkich libben! 
Dat tochten Janke en har soan Lieuwe (12) ek doe’t Lieuwe in ferdwaald pykje fûn.
Dat barde yn Grou (Cees van der Meulen).

Janke: “De earste poging om it pykje by in ein mei piken te setten, wie op it skelpepaadsje by it kanaal by in ein mei trije pykjes. 
Al gau begûn de ein op it pykje yn te pikken. Dat wie net wolkom. Hiel sneu om te sjen. De natuer kin hiel wreed wêze. 

Doe hawwe wy mei in skepnet it pykje wer út de sleat fiske en in oar ‘gesin’ fûn. 
It joech idd in goed gefoel dat it pykje te plak wie”.

Janke: “Lieuwe hat noch by twa buorlju oanbelje moatten om te freegjen ôft hy ek fia harren tún it einepykje fange mocht. 
Ien buorman joech Lieuwe in grutte snieskeppe. Dat fûnen wy wat heftich ark om in jong pykje mei te fangen.

Doe bin ik werom nei hûs fytst om twa skepnetten te pakken wylst Lieuwe it pykje yn ’e gaten hold. 
Al mei al wol 1,5 oere dwaande west. It wie in prachtige belibbenis mei in goed ein!