Fan foksen en stienmurden

door

in

Poppenwier, 22 febrewaris 2014.

It wie sneon in gesellige dei dêr op de beurs fan De Strampel. De tolve flechters makken de kuorren ekstra moai. De sfear wie goed. Dêr paste in moai ferhaal hiel wol by. Oer bysûndere foarfallen yn de natuer. Sa kaam it praat op it oantal einen yn it fjild. No’t der safolle kuorren flochten wurde is sa’n ûnderwerp net sa frjemd. Guon besikers fan de beurs woene wol ha dat der folle minder einen binne en tefolle jerken.  As dat wier is, is dat in minne saak en docht De Strampel segenryk wurk troch hiel Fryslân fol kuorren te setten. Dêr wiene we it wol oer iens.

Einekoerflechters binne lykwols gjin minsken dy’t wat lichtjes oer de feiten hinnefladderje. Ien fan de sprekkers wiisde op de moardsucht fan de foksen. Hy woe wol hawwe  dat dy fretters earst de lêste ljippen mei aaien en piken soldaat meitsje om dan oanslutend noch even de wâlkanten by del te gean om de fûlbriedende eintsjes de strôte troch te biten! Dêr wiene we even stil fan!

Jagers hawwe harren latyn, mar ek de flechters kinne der wat fan. Sa fertelde in betroubere flechter en fjildman dat de kuorren sels op de strampels yn de feart leechrôve wurde troch krieën en eksters! Mar in stienmurd yn Holwert sloech alles. Mei in flinke oanloop sprong it bistke op de koer, sa’n foege twa meter út ‘e kant. Klattere de koer yn, kaam wer foar it ljocht mei in aai ûnder in poat en sprong as in fear sa wer op ‘e wâl. Ûnder in hage friet er it aike op.

Moraal fan it ferhaal: Flechtsje troch! Mar hâld eksters en krieën koart en set jim kuorren op syn minst trije meter út ‘e wâl.

CvdM