Ferkeap einekuorren

door

in

Grou, 25 novimber 2020

Ien fan de leden kaam mei in idee om op de webside ek oan te jaan wa’t einekuorren ferkeapet. It bestjoer wol dizze service wol opnimme, mar de leden moatte sels oanjaan oft se op de webside stean wolle, mei eventueel ek de priis dy’t hy/sy foar de koer ha wol. Dat lêste is dus oan de ferkeaper.

Leden dy’t kuorren yn de ferkeap ha of op bestelling leverje wolle, en dit op de webside oanjaan wolle, kinne dit oanjaan by it bestjoer (bestjoer@de-strampel.frl)

Ûnder ‘Kontakt’ steit no alfêst in tab ‘FerkeapFerkeap kuorren‘ mei in ferwizing nei leden dy’t demonstraasjes jouwe en learmasters. Wy geane derfan út dat al dizze minsken ek kuorren ferkeapje. Is dit net sa, dan hearre wy dat graach; wy passe de ferwizing dan oan.