Flaaks kin ek lekker wêze

door

in

Aldeboarn, 5 maart 2020

De mûzepleach is ek trochdrongen yn Aldeboarn. Krektlyk as op oare plakken sykje de mûzen mei al dat reinwetter fan de lêste tiid in drûch plakje. En as der dan ek noch wat te iten is, dan ha se in daaldersk plakje.

Om’t de Boarnsters tuorkemjitters neamd wurde, wolle de Boarnster mûzen dêr ek oan meidwaan. De echte toer fan Boarn is wat te heech en dêrom mjitte se bygelyks de hichte fan it flaaks. Ûnderwilens haffelje se al it lekkers op dat se ûndeweis tsjinkomme.

Sa ek by Cor Snoeij. Cor:: “De mûzen fine myn flaaks wol lekker blykber. Se ha nochal húsholden yn myn flaaks, dus ik ha se no mar oanpakt.”