Flaaksfeest op sneon 9 augustus 2014

door

in

Sneon 9 augustus komt in âlde tradysje wer ta libben. Leden fan ‘De Strampel’, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, sille dan flaaks rispje en ûnderdak bringe, sa’t dat ieuwenlang wenst wie.

Eartiids wie it bouwen fan flaaks op ‘e klaai krekt sa gewoan as it bouwen fan ierpels. Mar tiden hawwe tiden. Rendabel is grutskalige oanbou net mear. Mar ‘De Strampel’ bout foar it meitsjen fan einekuorren wer flaaks, dat mei de hân lutsen, yn skeaven opbûn en yn stûken te droegjen set wurdt.

Lokaasje: Witteweg 6, Blije, dat is krekt Blije foarby oan de Strjitwei nei Holwert. Werkenber oan flaggen ensfh.

Tiid: 10.00 oere, der wurdt arbeide oant 12 oere.

Materiaal foar de oanklaaiïng fan de bou by Witteweg 6: Rûpelkleden en rûpelbanken, oanklaaiïng  mei spandoek fan ‘De Strampel’, flaggen fan ús sponsors (Rabo, gemeente Ferwerderadiel), kream mei kuorren en oare flechtwurkjes.

Aktiviteiten op de bou: demonstraasje fan it flaakslûken, it opbinen yn skeaven, it meitsjen fan stûken, it rûpeljen, it oploegjen fan de flaakswein

13.30 oere: leden fan De Strampel binne wer op it lân yn Blije, dan wurdt der rûpele.

14.00 Jan Drost komt mei hynder en wein. It flaaks wurdt oploege en de fracht wurdt op tradisjonele wize mei in bynpeal, mei foar- en efterbinen stevich op de haaiwein ferankere, ûnder tafersjoch fan in weidloeger.

15.00 Jan Drost rydt mei de weide flaaks fan Blije nei de Miedwei 11 te Holwert, dêr’t it flaaks yn de skuorre brocht wurdt.  IJs en weder dienende.