Flaaks yn Frankryk, sjoch it bysûndere filmke

door

in

Bitgummole, 31 july 2015

Durk Wynia skriuwt it folgjende:

” Wy hawwe yn Frankryk op fakânsje west en yn Normandië seach ik grutte stikken lân fol mei flaaks lizzen! It waard dêr rûnom folop ferboud, it measte wie al lutsen en lei skitterend moai op rychjes….. neffens my te fertutearzjen op it lân. It begrutte my suver…..mar ja….. se sille it ek wol net foar it flechtsjen fan einekuorren brûke! Mar omdat it oeral itselde byld wie,  sil it wol mei opsetsin sa dien wurde en ik woe witte wat se der mei diene en wie tige nijsgjirich hoe’t se it flaaks lutsen. Dêr wie ik dus wat te let foar om dat te sjen, mar “google is your best friend” en dêr fûn ik in filmke dat alles helder makke “.

mei groetnis

Durk Wynia

En dan noch dit: It flaaks sit aardich yn de lift as produkt, sûnt begjin dit jier wurdt der yn de bou ek in protte flaaks brûkt as isolaasjemateriaal, in nij produkt mei hiel goeie eigenskippen.