Flaaksknoppen yn de terskmûne

door

in

Noardwâlde, 16 febrewaris 2018.

Terskje, dat docht men as men fan fjildfruchten it sied út ieren of pûlen slacht of stampt.

Strampellid Sigrid Dassen fan Boyl hat net allinnich in bulte plezier oan it flechtsjen mei reid en flaaks, mar se hat ek goede resultaten mei it winnen fan flaakssied. De flaaksknoppen docht se yn in mûntsje, dêr’t se de siedknoppen foarsichtich mei brekt en sa it prachtige sied wint.