Flaaksrispinge, in bjusterbaarlik barren!

door

in
034 Frou de Groot en beppesizzer
Els de Groot en en beppesizzer Else Eelkema litte sjen wêr’t it flaaks foar brûkt wurdt

Ferwert, freed 9 augustus 2013

(foto’s fan Jan en Oatske v.d. Zwaag (Ryptsjerk) en Germ Brouwer (Munnikebuorren)

Om healwei tsienen begûn in ploech Strampelleden yn Ferwert flaaks te rispjen. De mannen stiene mei in knik yn ‘e rêch yn de fûle sinne it ripe flaaks út ‘e klaai te lûken. It goudgiele gewaaks waard ta skeaven byelkoar fandele,  opbûn en yn stûken set.

No de sinne der noch oer en de rispinge kin nei de simmer oer de rûpelbanken helle wurde om de siedknoppen derôf te slaan. Dan is it flaaks klear om as lofters yn ús einekuorren ferwurke te wurden.

Yn ûndersteane foto’s binne minsken en natuer fêstlein om elk yn de gelegenheid te stellen it bjusterbaarlike barren nochris te besjen.

In soad folk kaam spontaan de bou op om te sjen wat der barde. Sa belibbe in frouljusferiening út Flaanderen mei de moaie namme ‘Femma’ de ferrassing fan de dei doe’t se de flaakslûkers oan it wurk seagen. De dames wiene de alvestêdetocht oan it fytsen. Els de Groot mei in beppesizzerke siet op ‘e  bou te koerflechtsjen.

De media wiene sterk fertsjintwurdige. De Omrop en de beide provinsjale kranten en ek de streekkranten skonken rom omtinken oan it barren. Klik hjir foar de radio- èn t.v.-reportaazje op de Omrop.

 

P1040239

037035 Gjalt de Groot027P8090092P8090091P8090073