Flaaksrispinge slagge!

door

in

Blije, 9 augustus 2014.

De sneon begûn mei rein en hurde wyn. Spitich dat it waar moarns spulbreker wie en de helpers harren heil sykje moasten yn in bushokje!

Mar nei it middeisskoft kaam de sinne der wer folop troch en droege it flaaks ek wer gau op. It lêste flaaks waard lutsen, op twa kleden stiene rûpelbanken en der waard omraak mei de busseltsjes flaaks oer de skerpe tosken slein. It gie dat it slydjage. Jan Drost mei hynder en wein en syn Bijke stiene geduldich te wachtsjen oant fjouwer oere doe’t alle flaaks oploege wie. De hiele dei troch kamen minsken it fjild de bou op om te sjen nei wat de leden fan ús feriening diene. Sommigen woene ek wol even besykje wat flaaks te rûpeljen. In slagge dei!

Foto: Hinke Terpstra