Flaaksrispjen, it giet oan!!! Freed 9 augustus 9.30 oere!!!! Omrop komt ek!!!!!

door

in

Holwert/Grou, 8 augustus 2013

It waar liket goed om te rispjen! (Stân fan saken: tongersdei 8 augustus, 16.00 oere, in prachtige simmerdei)

Freed, 9 augustus om 9.30 oere giet it los! Wêr’t jo wêze moatte?

Yn it doarp Ferwert, Hegebeintumerdyk 18, 9172GP  Ferwert,  by de Sporthal en folkstúntsjes.

Omrop Fryslân komt ek om opnamen te meitsjen fan dit bysûndere barren! Flaaks rispje, koerflechtsje, it is allegearre te sjen dêr yn it fjild op freed 9 augustus!

‘De Strampel’ telt nei in goed jier al 60! leden en learde ferline jier 200 minsken it koerflechtsjen! It flaaks is útbloeid, ‘De Strampel’ bloeit folop!