Flechtdei

door

in

Bakkefean, moandei 17 jannewaris 2022.

In dei flechtsje yn de Skiepskoai yn Bakkefean. Jan en ik dogge dat sa no en dan ris.

It wie wer in moaie dei dêr tusken de skiep. Rêst, stilte, tefredenheid striele de bisten út, foar ús in prachtige omjouwing om te flechtsjen en ús tinzen de frije loop te litten. En alle tiid om ús hielendal te konsintrearjen op it flechtsjen fan in sa moai mooglike koer. It is elke kear wer nijsgjirrich te sjen hoe ticht we by ús ideale koer komme.

Der is net ien koer alhiel gelyk oan de oaren, dy’t we makke hawwe. Tink oan it reid, hoe dik, hoe soepel, hoe grien, hoe fyn is it reid dizze kear, is it in bytsje fochtich (‘Slof’ seit Jan), is it net te droech, is it linich jong reid, of wiene we oan de lette kant mei it skarren en sit der al plom yn, tink oan it flaaks, hoe fyn, hoe dik is it, is it goed foarbehannele mei wat focht?

Hoefolle lofters, hoefolle bannen, draaie we by it flechtsjen of krekt net, stekke we troch of krekt net, hechte we ôf mei flaaks of dogge we dat mei in toutsje?

Elk mins hat in unike wize fan skriuwen, hat in eigen hânskrift. Mei it flechtsjen is it krekt sa as mei ús wize fan skriuwen.

Sa is de koer fan Jan hiel oars as de koer fan my. Jan en ik kinne meastal oan de kuorren dy’t by de winkels lizze wol sjen oft de flechter in Strampel-kollega fan ús is, of in ‘wylde’ flechter.

We prate oer de oantallen, oer de priis dy’t we freegje, oer de Beurs dy’t dit jier miskien wol wer komt, oer it gemis dêrfan en ús ekstra grutte ferlet dêroan de lêste koronajierren. It praat is nea ‘op’. De sjarme is wol de ienfâld fan it proses, ús hânfeardigens, ús spierkrêft yn earms en fingers. We skeppe fan reid en flaaks elke kear wer in unyk stikje ambachtskeunst.

Jan en ik fiele ús befoarjochte minsken!

By dizze wurden in pear plaatsjes fan ús flechtdei. (Klik op de foto om dizze grutter te meitsjen)

Mei út namme fan Jan Falkena,

Cees van der Meulen