Flechteksamen

door

in

Grou, 11 maaie 2021

It is 11 maaie en foar de twadde kear sil der bret wurde yn de linker koer.

De lêste jierren flechtsje ik yn de bûtenste, lêste bân net 8 mar 15, 16 lofters. Nei de earste briederij haw ik de plom en doppe- en fluezeresten ferwidere. Ek nije reidsnipels yn de koer brocht.
Hjoed sjoch ik dat it eintsje net tefreden is. Hy test de kwaliteit fan myn flechtsjen. De ein is de eksaminator. Dat kin, nettsjinsteande myn deeglikheid, wolris in hereksamen fan gefolgen hawwe.

Fan ’t hjerst in nije kraach flechtsje op ‘e koer, tink ik. Dan bin ik wer slagge foar maitiid 2022. Hearlik gefoel!

De natuer is in hurde, mar wol de bêste learskoalle!

Cees van der Meulen, âld-eksaminator te Grou.