Flechtersdiploma foar Riepke Glas

door

in

Dokkum, 26 febrewaris 2024

Op saterdei 24 februari wie it wer drok yn it flechtershok op de gebr Woudsmastrjitte yn Dokkum.

Nei de flechtersbeurs yn Poppenwier wienen der in hânfol minsken dy’t harren opjûn hienen foar in kursus by de bruorren Kooistra. Der wienen 10 kursisten en 3 learmasters. Hiltsje v.d. Veen út Ljouwert woe graach in Trynwâldsterkoer meitsje, dus kaam de Trynwâldsterkoer-spesjalist Rypke Glas nei Dokkum. De cursisten kamen rûnom út de provincie. Earst wat ûnwennich nei mekoar ta, mar oan de ein fan de dei wie it krekt as koenen se mekoar al jierren. Sa sjoch je mar: it flechtsjen ferbynt minsken.

Mei wat help hjir en dêr ûntstienen bêst wol knappe einekuorren. Nei ‘t de lêste koer klear wie en ôfsluten waard mei in Dockumer slokje wie it tiid foar it útdielen fan de flechtsertifikaten. Foar Rypke Glas hie ús PR-man Foppe Kootstra spesjaal in flechtersdiploma makke. Rypke wie der tige wiis mei en hy hat ús tasein dat hy it sertifikaat boppe syn bêd hinge soe.

Wurch mar foldien gienen de misken om 17:00 oere mei harren selsmakke koer wer op hûs oan.

Groetnis, Bouwe en Hendrik Kooistra.