Flechtkursus Easterwierrum

door

in

Easterwierrum/Grou 29 jannewaris 2022

Bûten helle de fûle noardwestewyn noch wat oan en jage de wolken troch de loft. Binnen yn it doarpshûs ‘De Tysker’ yn Easterwierrum siet learmaster Bouwe de Groot mei tsien kursisten fan de fûgelwacht Easterwierrum yn in lekker waarme romte einekuorren te flechtsjen.

It wie lang lyn dat dit koe fanwege de beheinings troch corona en it wie oan de minsken te merken dat se bliid wienen dat dit wer mooglik wie. De sfear wie dan ek poerbêst en it entûsiasme spatte derôf.

Op dit filmke kinne jimme sjen hoe’t it der om en ta gie.