Flechtsje foar duorsumens en bioferskaat

door

in

Grou, 8 maaie 2023

In einekoerflechter makket wat mei! Sa hie Bouwe de Groot fan Grou nea tinke kinnen dat hy nochris les jaan soe oan it management fan grutte bedriuwen.

“fersile yn duorsumens en bioferskaat”.

“Hoe rekket men as einekoerflechter fersile yn duorsumens en bioferskaat”, skriuwt Bouwe. Hy leit út hoe’t it him oerkaam: “Foar sneon 3 juny waard ik frege om te flechtsjen op de Iepen Dei fan Omrin by de Hege Wierden yn It Hearrenfean. Der waarden dy deis 4500 minsken ferwachte foar in presintaasje fan it bedriuw op 100 ha. En om’t Omrin foarop rint yn duorsumens en bioferskaat, hiene sy bedriuwen/persoanen dy’t hjiryn ek aktyf binne, foar dizze dei frege in stand yn te rjochtsjen”. Dêr hearde dus ek Bouwe by. “Foaral myn nêstkasten fan reid hienen ek harren belangstelling”, neffens Bouwe. “In grut súkses. Ik hie oer oer belangstelling net te kleien”.

“Workshops”

It ferhaal krijt foar Bouwe noch in ferfolch: Omrin wol Bouwe ynhiere om workshops te jaan foar it management. “Om duorsumens en bioferskaat te promoaten mei ik kommende hjerst sels inkele management-workshopmiddeis fersoargje mei it meitsjen fan in nêstkastje en einekoer”. Fierders wit Bpuwe te meldem dat der takom jier op alle terreinen fan Omrin yn Fryslân nêstkastjes en einekuorren komme te hingjen. “De earsten binne fan ‘t maitiid al pleatst. Dit foar it bioferskaat op harren terreinen”.

Bouwe sjocht tefreden werom op de iepen dei: “Dit wie wer in moaie promoasje foar de einekuorren en De Strampel”.