Flechtsje mei de sinne op ‘e noas

door

in

Grou, 6 novimber 2020

Lekker bûten flechtsje

Op freed 6 novimber hie Jan Falkena my útnoege foar in rûntsje koerflechtsjen yn de skiepskoai fan Bakkeveen. It waar wie dizze freed sà moai, dat we belannen net yn mar bûten yn de lijte fan de koai, mei de sinne op ‘e noas. Wat in stilte, wat in frede giet derfan it Mandefjild út!

Foar ús it fjild mei de skiep en de ponys. Inkeld ris de rauwe rop fan in swarte krie of it lûd fan de griene spjocht. Jan wit krekt wat der ropt en fliucht, want as de korona him net sa dwers siet, dan soe er er sa no en dan as frijwilliger fan it Gea mei minsken de heide op gean.

Tiid om te tinken en te praten oer ús flechttechnyk, wat dochsto en hoe doch ik it.
Jan learde my tolve jier lyn it flechtsjen, hy is dus myn learmaster. En sa’t it in learling past, ik harkje altyd goed nei syn beskieden kommentaar.

Sa kinne we noch jierren foarút en we hawwe al ôfpraten dat dizze weromkomdei wis in ferfolch krijt!

Cees van der Meulen.