Flechtsje op Lauwerseach en yn Dokkum

door

in

Dokkum, 22 maaie 2023

De bruorren Kooistra út Dokkum ha wer in pear demonstraasjes jûn. Op sneon 29 april sieten se te koerflechtsjen by de loads fan Staatsbosbeheer/It Fryske Gea op Lauwerseach. Om’t it de freeds striemin waar wie, hienen in protte standhâlders ôfsein, neffens Hendrik. “Spitich want de saterdei wie it prachtich waar. Wol in hurde wyn mar achter in stikje seil wie it goed te dwaan.” En om’t der aardich wat folk op ôf kaam, koe der dochs fan in “slagge dei” praten wurde.

In pear wiken letter sieten de Kooistra’s op ‘Mûnedei’ (13 maaie) by prachtich waar en wynkrêft 5 te flechtsjen by in draaiende mûne op de Bolwerken yn Dokkum. Op ‘e ein fan de dei koe de balâns opmakke wurde: in soad folk, goede hannel, in protte praters en ek de jongste pakesizzers (twilling) kamen noch del.