Foarjiers barren 2022

door

in

Holwert, 26 maart 2022

No’t de beurs fan De Strampel dit jier net trochgean koe, hie Gjalt de Groot op en by syn hiem oan de Miedwei yn Holwert in Foarjiers barren opsetten mei de maitiid as sintraal tema.

In sântal flechters fan De Strampel siet yn in grutte stâl te flechtsjen. Net allinnich grutte einekuorren, mar ek lytse kuorkes en nêstkastjes waarden der makke. It is altiten wer aardich om te sjen hoe kreatyf minsken wêze kinne mei reidflechtsjen.

Mei troch it moaie maitiidswaar wie it in noflike dei. Dat kaam ek om’t Gjalt de Groot it tige goed foar-inoar hie mei de organisaasje.