Fraach en Oanbod

door

in

Emmeloord/Grou, 18 jannewaris 2022.

Geregeld komme der fragen by it bestjoer oft De Strampel ek einekuorren leverje kinne. Wy ferwize de minsken dan troch nei de list mei ferkeapers fan einekuorren. Dit binne de flechters dy’t oanjûn ha dat se graach op de liste wikke fan ferkeapers.

Soms komme der fragen om grutte oantallen. Dan pleatse wy in berjochtsje yn de rubryk “Fraach en Oanbod”.

Fia ús lid Klaas Stapensea yn Emmeloord is der in fraach kommen foar de levering fan 200 einekuorren foar immen yn Súd-Hollân. As der flechters binne dy’t kuorren leverje kinne, dan moatte se efkes sjen by “Fraach en Oanbod”. Dêr steane de kontaktgegevens.