‘Friese deelname aan actie blijft achter’, art. LC 22 desimber 2017

door

in

Yn dit artikel yn de Ljouwerter Krante fan 12 desimber 2017 skriuwt Halbe Hettema oer de resultaten fan in wittenskiplik ûndersyk, útfierd troch biolooch Kleyheeg, ferbûn oan it Max Planck Ynstitút yn Dútslân. It giet oer in probleem mei de einen. Nammentlik it ôfnimmende resultaat fan de kâns dat einepiken grut wurde.

Hettema skriuwt oan de ein fan syn artikel: ‘Wat deelname [aan het onderzoek] betreft blijft Friesland hopeloos achter  […….]’.

As redaksje fan De Strampel hawwe we 22 septimber 2017 op dizze webside in oprop dien (sjoch it artikeltsje)  mei te dwaan oan it ûndersyk fan Kleyheeg. Blykber mei te min meiwurking fan respondinten yn Fryslân.

We sykje as bestjoer fan De Strampel nei mooglikheden de efterstân om te bûgen yn in foarsprong. We hâlde jim op de hichte.