Frjemde kostganger yn ‘e koer

door

in

Grou, 30 april 2022

Nei de wûnderlike belevenissen fan Cees van der Meulen en de ein op 16 aaien is der yn Grou al wer in bysûnder gefal. Yn ien fan de kuorren dy’t Fûgelwacht Grou útsetten hat sit in reidhintsje.

Doe’t ik nei hûs ried, seach ik yn de koer yn de fiver by de OSG yn Grou wat donkers sitten. Earst tocht ik dat it it eintsje wie dat yn de hals fan de koer siet. Mar doe’t ik tichterby kaam wie it wol tige swart en like it wol in swarte krie – om’t de koer sawat yn in hoeke fan 45° hinget hie de krie muoite om yn de koer te kommen, wie myn gedachte. Mar doe’t in noch wat tichter by de koer kaam wie it dúdlik: it wie in reidhintsje.

Om in goede foto te meitsjen rûn ik om de fiver hinne, mar krekt foardat ik de foto meitsje koe fleach it reidhintsje fan de koer en dûkte de reiden yn. Doe wie ek te sjen dat der reidstâlen út de koer stutsen. Dy moatte troch de reidhin(nen) dêrhinne tôge wêze, want dy binne net troch ús dêryn lein by it útsetten.

De fraach is no oft de reidhin yn de iepening fan de koer in nêst meitsje wol of dat it nêst yn de koer sit. De koer stiet in eintsje fan de wâl, dat it is net te sjen oft it nêst al klear is en oft der ek aaien yn lizze. Foarearst mar moai mei rêst litte, dan sjoggen wy letter wol oft it wat wurden is.

Mar bysûnder is it wol.

Bonne Bruinsma.

It reidhintsje yn de yngong fan de koer
De reidstâlen stekke út de koer