Gelde aaien

door

in

Mûnein/Holwert/Emmeloord, 4 july 2021

Riepke Glas út Mûnein komt in oanfulling op de briedresultaten yn syn kuorren.

Fan ‘e wike by de kuorren lâns west, want ik hie wer 4 einen te brieden foar de twadde kear, trije wienen ûnderwilens útkaam. Yn dizze kuorren leinen yn elke koer ek 3 gelde aaien (hast alle jierren wol) en ik siet dêrom mei deselde fragen: hoe soe dit by oaren wêze. Mar ik moat sizze: by de earste lêch haw ik ek faaks wol ien of twa gelde aaien.

Der wie ek noch in briedgefal fan in blaudo (Ned: holenduif).

De earste lêch wie predeard en no sitte der twa jonge dowen yn de koer.

Op de fragen fan Gjalt de Groot yn syn bydrage ‘Briedresultaten Holwert‘ hie Klaas Stapesea in reaksje: letter yn it seizoen nimt neffens him it tal pearings ôf en is der troch de mindere pearings (mei ferskillende jerken) mear kâns op ûnbefruchte aaien.
Letter yn it seizoen binne de jerken ‘wurch’ en riede se harren ta op de wikseling fan it fearrenkleed en dat kostet ek enerzjy, is de útlis fan Klaas.

Gjalt freget him ôf oft it ek wêze kin dat ûnder ynfloed fan hormonen de pearingsdrift ôfnimt om’t it ferfearjen syn beslach krije moat. Dus dat ûnder in ôfnimmende  hormoanspegel by de jerken it tal gelde aaien by lette brieders tanimme kin?

Wy binne benijd oft hjir in ferklearring foar is.

Wy ha yn it Frysk ek in siswize ha oer gelde aaien:
‘t Sil wol ‘t ien of ‘t oar wurde, in geld aai of in deade pyk.
Wat soksawat betsjut as: it sil wol neat wurde.