Gjin kuorren yn it Wilhelminapark yn Grou

door

in

Grou, 7 maart 2018.

It is wenst dat De Strampel elke maitiid 3 kuorren kado docht oan in ynstelling. Dit jier soe dat it fernijde park yn Grou wêze.

Betingst fan de kant fan de Strampel is, dat de ûntfanger sels de kuorren ophinget en ek wer ûnderdak bringt.

De minsken fan it park hawwe om organisatoaryske redenen – te min minsken om te helpen – berjocht dien dat se it kadootsje net oannimme kinne. Spitich mar it is net oars.