Der stiet wer in Grouster kreamkeamer yn de Pikmar

door

in

Grou, 8 april 2018.

Strampellid Bonne Bruinsma fan Grou skriuwt ús it folgjende:

 ‘Freedtejûn ha Dicky Jonker en ik in strampel mei in einekoer yn de Pikmar setten’.

It Bestjoer fan de Strampel is tige wiis mei it wurk fan de beide mannen. Einekuorren en Grou hawwe al in hiel âlde bân mei inoar. Sa’t wy yn in oar berjochtsje op dizze webside alris it ien en oar ferteld hawwe oer de tiden dat de Grousters hûnderten kuorren yn de sleatswâlen en op de Pikmar útsetten om yn de maitiid safolle mooglik eine-aaien sammelje te kinnen, is mei de koer dy’t no wer yn de mar stiet in âlde tradysje nij libben ynblaasd. It is by Dicky en Bonne fansels net de bedoeling de aaien te sieden, te bakken of oan de bakker te ferkeapjen. It giet dizze twa natuerfreonen om de belangen fan de einen en de tradysje fan it koerflechtsjen…. èn it is teffens in moaie oanklaaiing fan it Grouster wetterfront, de prachtige kuierboulevard oan de seamen fan de Pikmar, dêr’t ynkoarten it fernijde Teehûs te pronkjen stean sil.

Dicky set de koer dy’t Bonne flochten hat op de strampel.

In einekoer wurdt yn Grou wol in Grouster Kreamkeamer neamd.

Yn eardere tiden, doe’t de winters noch strang wiene en lang duorren, hie de Grouster eineferiening, de foarrinner fan de lettere fûgelwacht, in systeem betocht om de eigners fan de kuorren in koerjild te freegjen. Mei de opbringsten koe men dan yn de winter foer keapje om de einen troch de tiid te helpen. Oan elke koer moast dan in houtsje befêstige wurde mei it jiertal fan dat jier derop sadat de kuorrekontroleurs sjen koene oft der ek klandestine kuorren yn it wetter stiene. De betinker fan dat systeem wie Grutte Tseard, in bekende Grouster eineman. It ‘belestinghoutsje’ stie bekend as It Houtsje fan Grutte Tseard. De houtsjes waarden makke yn it saneamde houtsjefabryk fan de Halbertsma’s.