Hawwe einen in ûnthâld? 

door

in

Oerterp/Grou, 21 febrewaris 2022

Hawwe einen in ûnthâld? Dat moat wol sa wêze, soe men sizze.

Wat is it gefal? Ferline jier hinge der oan dizze bjirk yn de tún fan Jan Falkena in koer. Einen hawwe doe yn dy koer bret.

Yn dit nije jier skarrelt in spantsje einen troch syn tún en dan fliucht it eintsje op it fûgelhúske. Sommigen sille sizze dat it tafal is, samar in aksje dy’t wy net folgje kinne.

De ein sil dochs net it blokmiezekastke as in mooglik ûnderkommen sjen? Kin dochs wol sjen dat der net in koer is?

Miskien hat immen yn de rûnten fan de fjildminsken hjir in ferklearring foar. (klik op de foto foar in gruttere werjefte)

Eineferstân, einegeheugen, kreatyf tinken. Wa’t it wit mei it sizze.

Cees van der Meulen.