Hawwe jo dêr wol fergunning foar?

door

in

Grou, 2 maart 2013

Koer yn in gemeentebjirk

It wie in kâlde middei, ein febrewaris. Tiid om de einekuorren op te hingjen. Grou is bekend fanwege Sint Piter en al dy farwegen yn en om it doarp. Sa wenje ik ek oan it wetter, oan it Nijdjip mei in soad einen en hast noch gjin kuorren. It sil heve!

As ik yn it gemeenteplantsoen op de ljedder stean, sjoch ik in hûndert meter fierderop by de leechsteande ‘Nij Djip Skoalle’ in frjemd tafriel. Mannen yn donkere klaaiïng, wol sa’n tweintich, steane foar de doar fan dat ferlitten gebou en ien fan har ropt driigjend: ‘Politie!’

Yn in flok en in skeet binne se út it sicht. Drugs, oerfallers, dieven? Wat foar folk hâldt dêr ta? Men heart wat langer wat mear fan frjemde dingen. Sels yn it sa rêstige Grou. It makket my wat ûnrêstich, soe der sketten wurde?

Ik bring mei de seage de gemeente-bjirk wat yn it fatsoen. Dy eintsjes moatte sa de koer ynsjitte kinne, sûnder troch tûkkeguod hindere te wurden. Der leit al in moai bultsje tûkken ûnder de beam as ik achter my immen fernim. In strange stim seit: ‘Hawwe jo dêr wol fergunning foar?’ Achter my stiet in man yn in blauwe plysjetrui te wachtsjen op myn reaksje. Ferheard freegje ik: ‘Moat dat dan?’ Wêrop’t de man seit: ‘Jawis, jo moatte by de gemeente in fergunning oanfreegje!’

It hert begjint my flugger te slaan, it bloed stiicht my nei de holle, ik stap wrantelich op de man ta, sa’n tsjinstklopper! Dan bits ik derút: ‘Wa binne jo eins!’

‘Ha, ha, ik bin Bouwe de Groot, nee, man, gean mar moai troch, gemeente of net, neat mei te meitsjen. Ik wenje hjir flakby, sil ik jo even helpe?’ Myn lulkens bedimmet, ik begjin ‘m sympatyk te finen.

Hy iepenbieret him as in belangstellende, saakkundige buorman. Hy en pake diene dat hiel oars, dat koerophingjen. Ik jou him de romte syn libbensûnderfining troch te jaan. Hy hellet pakjetou fan hûs en it duorret net lang of hy stiet hy op ‘e ljedder en hinget myn kuorren op. Hy leit in hânfol tûkken ûnder de koer, sa dat de dikke úteinen ûnder de koer wei stekke. ‘Sa, dan kinne de eintsjes dêr moai op delstrike. Jo sille sjen, jo hawwe aansen samar de kuorren fol aaien. De jerkjes trêdzje al omraak!’

Yn de skoalle is alles wer rêstich. De learling ME’ers binne nei hûs. Ek einekuorren ophingje, tink ik.

Cees van der Meulen.