Heechseizoen foar de flechters fan kuorren

door

in

Aldeboarn/Grou, 2 febrewaris 2021

Einekuorren binne der yn alle soarten en mjitten. Yn dizze rubryk binne al ferskate kreaasjes foarby kaam. Minsken bliuwe lykwols kreatyf as it om flechtsjen fan kuorren giet: Cor Snoeij stjoerde in pear foto’s mei in stikje tekst oer kuorren foar de sier.

Heechseizoen foar de flechters fan kuorren, sa seit Cor.
De measte flechters meitsje kuorren dêr’t in ein yn past. Fan de kuorren dy’t jo op ‘e foto sjogge, kinne wy dat net sizze.
Dochs binne der ek flechters dy’t op in oar nivo/skaal flechtsje. Dat is ek in moaie hobby en ek in stikje fakwurk. Hoe dan ek: it giet om de hobby!

En, seit Cor, dizze kuorren binne ek te keap.