Hoe’t in heal bedoarne dei dochs noch slagge

door

in

Bakkefean/Âldskoat, 9 oktober 2023

Op sneon 7 oktober ha wy fan de fûgelwacht Heerenveen-Oranjewoud mei trije man/frou by Jan Falkena oan it einekoerflechtsjen west.
De dei wie neffens Jan al heal bedoarn omdat wy wat oan de lette kant by de Schaapskooi wienen. Mar de appeltaart dy’t wy meinaam hienen makke it wer goed. We ha in hiel moaie en noflike dei hân en middeis koe ik fiif einekuorren yn de auto lade.

Begjin dit jier hienen wy as fûgelwacht trije einekuorren fan De Strampel krigen, ûnder betingst dat wy dan ek in kear sels kamen te flechtsjen. De trije einekuorren ha allegear bewenne west. En no ha we der wer fiif by dy’t ek in moai plakje krije.

Healwei de moarn waarden we as fûgelwacht ek noch ferrast troch de Rabobank. En mochten we in moaie cheque ûntfange fan de Clubsupportactie. Al mei al in tige slagge dei.

Lutske Visser fan fûgelwacht Heerenveen-Oranjewoud en strampellid.