Iepen dei foerraazjebedriuw Ingwierrum

door

in

Dokkum, 7 novimber 2022

De bruorren Kooistra út Dokkum ha wer in moaie dei belibbe, no by in demonstraasje flechtsjen op de iepen dei fan Visser Foeraazje yn Ingwierrum.

“Op saterdei 29 oktober mochten wy fan de frou wer in dei fan it hiem”, skriuwt Hendrik Kooistra. “Visser foeraazje yn Ingwierrum hie in iepen dei, moarns foar klanten en gasten, middeis foar eltsenien dy’t efkes om it hoekje sjen woe.

By de ûntfangst in bakje kofje mei oranjekoeke, doe stand opbouwe en in oerke kuorkje, wernei’t de bekende reedryder Erik Hulsebosch in pracht ferhaal oer syn libben ferteld hat. Sa hurd as dizze man reedride koe, sa hurd koe hy ek prate. Geweldich moai ferhaal fan sa’n 45 min.

Nei skoalle ta fûn Hulsebosch mar neat, leare koe hy net en der hied er ek gjin sin oan. Mar reedride dat koe er as de bêste. Elts minske hat wol wat wêr’t hy of sy goed yn is. En dan der foar gean, dat wie syn boadskip. Dêrnei stie it waarm iten op tafel: stampot buffet. Boerekoal, soerkoal of stampot sipels-woartels, it wie der allegear. Middeis wie it tige drok: in protte folk, moaie hannel en in prachtige dei mei in perfekte organisaasje. Fam Visser bedankt. It wie top.” 

Gebr. Kooistra, Dokkum