Iepening wettersportseizoen Grou mei flechters fan de Strampel

door

in

Grou, 22 maaie 2016.

Grou hie feest, kompleet mei syl- en roeiwedstriden, sylkeninginnen, in merke op it Halbertsmaplein en in ambachtenmerk op de kade.

De Strampel waard fertsjintwurdige troch Kees Terpstra fan Wyckel mei syn sierlike wetterlânkuorren en Grouster Bouwe de Groot mei syn karakteristike klaaikuorren.

De mannen krigen hiel wat folk by de kream en sa no en dan diene se saken.

In prima promoasje fan it âlde ambacht fan it einekoerbreidzjen!