In fertutearze toukoer

door

in

Aldeboarn/Grou, 23 oktober 2020

Dit bliuwt der oer fan in toukoer, skriuwt Cor Snoeij.

Op reis troch Fryslân seach Cor – lykas altiten – goed om him hinne om mar neat te missen. Fansesl ûntgiet him net ien einekoer.
No foel syn each op in fertutearze toukoer yn in beam.
In koer mei lofters fan reid of fan flaaks falt úteinlings yn losse stikken útinoar. In koer dy’t flochten is mei tou docht dat ek, mar de parten wurde dan troch it tou noch by-inoar hâlden .

De fraach is no: hat hjir in ein yn bret en is miskien it gewicht fan de aaien en de ein de koer tefolle wurden? Of binne de piken der op ‘e tiid útkommen?

It antwurd sille wy nea witte.