In kuorfol aaien

door

in

Grou, 26 maart 2019

It is altiten wer ôfwachtsjen oft in ein jins koer útkiest foar it soargjen fan in neiteam. En as de koer dan goedkard is, is it nijsgjirrich te witten by hoefolle aaien it eintsje begjint te brieden.

Cees van der Meulen wurdt ryklik beleanne foar syn krewearjen fan it meitsjen en it ophingjen fan in koer yn de bean foar syn hîus. Dêr sit in ein op mar leafst 15 aaien te brieden.
Ek yn de kuorren by syn maat Titus de Wolf op Flansum by Raerd witte de einen de kuorren fan Cees wol te finen.

Cees skriuwt dan ek entûsiast:
Súkses. Koer Abbema 15, briedende ein! 10 kuorren yn Flânsum, no 8 belein, goede skoare dus.

Hoe liket it by de oaren?