In learmaster koerflechtsjen derby

door

in

Poppenwier, 15 novimber 2013

It oantal minsken dat it koerflechtsjen leare wol nimt ta. It flechtseizoen is noch mar krekt iepen of de kursusten melde har al oan. Dêr binne we as feriening tige wiis mei. Mear kursisten betsjut dat in fersterking fan ús groep learmasters wolkom is. Om in goede regionale sprieding te krijen past in útwreiding mei in learmaster op De Jouwer hiel goed yn ús plaatsje.

Sipke Knol fan De Jouwer sil de groep learmasters-einekoerflechtsjen fan De Strampel fersterkje. Sjoch ûnder ‘kontakt’ foar syn telefoannûmer.