In oerdegelike strampel

door

in

Hantum, 6 maart 2022

We ha al in soad foarmen fan it opstellen fan in einekoer foarby kommen sjoen. Yn dy rige kin de koer fan de famylje Koree yn de sleat oan de Jousterwei yn Hantum net ûntbrekke.

“Koer is makke troch Kooistra út Dokkum”, skriuwt Klaas Koree. Hy stjoerde in moaie foto mei, dy’t wy hjir graach pleatse. In fariant op de oaspronklike strampel. Mar wol oerdegelik.

.