In paradyske yn Dronryp

door

in

Grou/Dronryp, 26 novimber 2017.

einDat wetter-paradyske leit yn de omkriten fan Dronryp en is 300 meter lang en 25 meter breed. 11 eilantsjes lizze deryn. Op dy eilantsjes nêstkasten foar bercheinen. Tusken en achter de eilantsjes  11 einekuorren op strampels. Mei earste en twadde lêgen wie it dêryn in drokte fan belang.

It  fûgelt dêr omraak yn dat paradyske: Piiptsjillingen, smjunten, wettersnipkes, bercheinen, tûfeinen, easteinen, swannen, leppelbekken, guozzen, iel- en wite reagers, ljippen en skriezen, strânljippen. En yn de pleats fan Rosier wol in 40 nêsten fan de boereswel. Fan in fûgelhutte út is alles goed te besjen.

jerkSander Hempenius (ek ekskurzjelieder yn it paradyske) en Johannes van der Meer (lid fan de Strampel)  rêden mei de einekuorren dy’t net allinne op tiid op de strampels moatte mar ek op tiid wer ûnderdak. Se wolle yn 2018 noch mear kuorren útsette!

By it ploechje heart ek noch Tamme Veldstra. Dizze trije mannen hawwe al wer moaie plannen foar 2018. Ta beslút skriuwe se dêroer it folgjende:

Wy hoopje ek yn 2018 wer op in moai fûgeljier en wy wolle de famylje Rosier en Tjaarda tige tankje foar de meiwurking!